Tag Archives: Sirkwy

Dei fjouwer: skriuwerssiden sirkwy.nl noch hieltyd net te berikken

No tinke jim, Knilles hat de gek mei sirkwy.nl, mar neat is minder wier. No ja, it is mislearre as ‘literêr poadium’ en op noch wol mear fronten, mar de skriuwersdatabase is in moai ding, dêr sil ik neat fan sizze. Ik woe alsa in deimannich lyn wat ûndersyk dwaan, en dat kin no dus […]

Dei trije: Noch hieltyd steuring op sirkwy.nl

Mar moandei sille de technyske mantsjes en wyfkes wol wer werom fan fakânsje wêze… It liket fansels nearne nei…

Noch gjin ferbettering by sirkwy.nl…

Webmaster is mei fakânsje tink… It is tryst…

Sirkwy.nl: alle skriuwerlinks binne dea + updeet

No wit ik net hoelang it al mis is, mar ik soe, efkes tsjekke, ris sjen by in sekere Cornelis van der Wal op Sirkwy.nl. Wat bliken docht: der is hielendal gjin ynformaasje mear te finen, oer hokfoar skriuwer ek. Alle links binne dea. Faaks binne se der mei oan ‘e gong, mar dan soe […]

Grut Nijs: Gjin Nijs!

De swier subsidiearre side Sirkwy.nl makket der, pardon my french,  in soadsje fan. De Aginda, sorry Agenda wurdt al in pear wiken net mear byhâlden. En by Skanomodu fine se it net nedich te reagearjen op in hiele fatsoenlike fraach… Ik hoopje dat der in soad snie falle sil. Jûn pasta.

Side Sirkwy wurdt net byhâlden

En, jawis: krektlyk as de FNP giet Sirkwy ek stadichoan oer yn it Holânsk… ‘Geen agendapunten’. My tinkt dat der wiswier wol agindapunten binne. De side wurdt net byhâlden, dêr komt it op del. Sleauwe bedoening dêre! Jûn pankoeken  

Lekkere stazjêre

Goeie jonges en famkes, ik kom der no efkes net oan ta, mar moarn  in histoarysk blochke oer Teake O. en Abraham de S. Sjoch oars ek ris de reaksjes fan Josse de H. op myn Dijsselbloem-stikje. Mar efkes wat oars: wêrom stiet der op de side fan Sirkwy noch hietyd AGENDA ynstee fan it […]

By Sirkwy.nl hawwe se it Frysk ek al ferleard…

Leave berntsjes, sjogge jim de flater? Stjoer jim oplossing mar nei Teake O. ta. Efkes op it plaatsje klikke, no.  

Fryske Literatuer neffens Sirkwy.nl

Wat seine jo? Nee, mefrou, gjin poëzij…

Sunich Sirkwy

Nee, in grutte ramp is it net hear, mar wurdt de side fan Sirkwy faaks net mear byhâlden? Jo soene it hast tinke. Of is de webmaster fuortbesunige? Al wat skande dat ik sels ek in flaterke makke: ‘moar’ moat ‘moat’ wêze. Mar ik kin it dêr net ferbetterje. Folgje jo it noch? Bakte rjappels […]