Tag Archives: Sjieuwe Borger

Fitamine blasé

In hiel aardige presintaasje fan Sjieuwe Borger syn Eksamenjier juster! It wie yn it Hearrenfean, dat is fansels wat minder, mar it Paul Krugercafé mei der wêze. Wy hawwe it boek oanskaft, ik bin benijd. It moaiste fan alles wie fansels, dat ik Elske Schotanus wer ris fan tichtby seach. Like soer as altyd, hearlik! […]

Unlêsbere patat

No juh, dêr wie ik al wer. Efkes oer Fers2. In koarte analyse: it binne hieltyd deselde trije, fjouwer skriuwers dy’t bydragen leverje en de styl fan Friduwih Riemersma is ûnlêsber. Dat sa. Wy sille no aanst nei de presintaasje fan Sjieuwe Borger syn nije roman. Faaks moarn wat foto’s. Doei! Jûn ite wy patat.

Nuvere subsydzje

Ik seach niiskrekt in stikje fan Sjieuwe Borger op Facebook. Ik nim it efkes oer, sil er grif net slim fine. It giet oer subsydzjes foar Fryske skriuwers. Net dat ik it allegear begryp, mar Borger grif al, dy is ommers jurist.

Boekpresintaasje Sjieuwe Borger

Fannemiddei haw ik nei Grou hinne en wer fytst, foar de presintaasje fan Simmer oan ‘e Pikmar, de nije roman fan Sjieuwe Borger. Ik mocht dêr sels ek wat foardrage út mijn nije bondel. Haw der ek noch twa ferkocht! Dat ik koe in patatsje pinda keapje by Henriëtta’s Friethuis. In ympresje: Fan lofts nei rjochts: […]

Griene Leafdesbrieven

Noch lang net klear mei it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de laptops. Moatte noch hiel wat GB’s oan samples en vst-plugins ynstallearre wurde. Mar net alles tagelyk, it hoecht net sa hastich, en de boaze bûtenwrâld sit der net op te wachtsjen. Moai oars dat der wer in tige aktive Fryske blogger bykommen is. […]