Cornelis van der Wal

Tag: slaad

  • Knilles by Trotwaer online

    No, is ‘t net in merakel? Alle edysjes fan Trotwaer, doe’t it noch net anneksearre wie troch de Moanne, steane online. Der steane ek artikels fan en oer my yn, klik hjir as jo dat nijsgjirrich taliket.   Jûn fisk mei bakte rjappels en slaad

  • De wraak fan Tresoar

    Ik haw der lang oer twifele oft ik dit blochke wol pleatse soe. Dan krije jo wer dat geëamel fan dy Knilles fielt him miskend. No, dat falt wol wat ta, mar ik wurd wol tsjinwurke, benammen troch de lju fan Tresoar. En dan bedoel ik net it tsjinstferlienend personiel, dat binne poerbêste minsken, mar benammen…

  • Algemiene artsy-fartsy

    Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr…

  • Finsters op Fryslân: Geveltsjefrysk fan de boppeste Planke

    Hoera, wer in nije Fryske side derby! O, wachtsje efkes…, nee allinnich de namme is Frysk: ‘Finsters op Fryslân.’ Dat komt, leave berntsjes, om’t it in projekt is dat mei KH 18 te krijen hat, en jim witte dat dy stoute minsken net safolle mei it Frysk te krijen hawwe wolle. No, kom dêr dan…

  • Wêr is Durk syn € 5.000 bleaun?

    No, jim hawwe it al sjoen fansels, myn profesije wat de Gysbert 2015 oanbelanget is útkommen: de hear Koos T. hat him krigen. Moai foar de man. Wat, nammers, is der op ‘e hispel kommen fan de €5000,- foar oersettingen fan it oeuvre fan Durk van der Ploeg, de foarige winner fan de proaza-Gysbert? Fjouwer…

  • Dagen fan de Fryske hamburger

    Ja, dat wie my wat, dy Dagen van de Friese Literatuur  yn Amsterdam, dêr’t allinnich mar Friezen op ôf kamen. Fjouwer kear soe it heve, dêrnei binne se der mei stoppe, it wie in grutte mislearring. De Hollanners hiene der alhiel gjin ynteresse foar. Yn 2008 skreau ik der al oer, sa seach ik niiskrekt.…

  • Bakt kassafamke

    Hjoed foar it earst dit jier wer ris in aardich ein fytst. De kop hat al wat kleur krige fan de maartsinne. Ik haw myn okkerdeis oanskafte DAB-radiootsje ek efkes goed útteste kind, en it wurket as in tierelier. Gjin steuringen mear, en in glêshelder lûd. Yn Gytsjerk wat boadskipkes dien yn de lokale AH.…

  • It Swijen fan HotSum

    By HotSum is it stil. Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries: se swije. Hoe sit it begelyks mei de troch De Vries oankundige essaybondel? Giet dat noch troch neidat de Provinsje de subsydzje foar in earder essay-projekt ynlutsen hat? ‘Om 15 novimber hinne ferskynt by útjouwerij De Contrabas yn Utert…

  • Sunich Sirkwy

    Nee, in grutte ramp is it net hear, mar wurdt de side fan Sirkwy faaks net mear byhâlden? Jo soene it hast tinke. Of is de webmaster fuortbesunige? Al wat skande dat ik sels ek in flaterke makke: ‘moar’ moat ‘moat’ wêze. Mar ik kin it dêr net ferbetterje. Folgje jo it noch? Bakte rjappels…

  • It Nijs.nl: efkes laitsje om in fleantúchramp + updeet

    Nee, ik lit it plaatsje hjir net sjen, mar ik haw it fansels al opslein. Wêr giet it om? By it Nijs.nl fine se dat wol grappich, sa’n fleantúchramp. Hjir is de link. Om te spuien. Updeet Foar it gefal It Nijs it plaatsje fuorthellet: ik haw it hjir delsetten. Ik fyn it wichtich om…