Tag Archives: stampot

Fytse mei woarst

Fannemiddei in moai eintsje fytst, ik wie it noch net ferleard. As jo yn ‘e binnenstêd wenje dan brûke jo dat ding hast nea. Moai dat Radio 4 no wer goed te ûntfangen is. Dus. Ek moai, de sjueryrapporten fan de Fedde en de Obe steane online. Faaks steane se dat al in skoftke, mar […]

Jo favorite dichter

Faaks hawwe jo it al oankundigjen heard op de K-Rûte: oare wike woansdei wurdt der in reportaazje útstjoerd oer jo *kuch* favorite dichter. Huh? Wa? No, eh… dinges. Dat, mis it net! Ek by de presintaasje no sneon (sjoch bloch fan juster) is de Omrop oanwêzich. No mar wat âlde-lulle muzyk. Haw stampot opwaarme… [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=0iv_rC7d9tI&feature=related[/youtube]

De fêste lêsten en rankune

Jûn live op radio 4 Die Walküre út Eanske (Enschede) wei. Ik hie der graach by west, ferline jier wie ik al by Das Rheingold. Dêr haw ik hiele goede herinneringen oan. Mar it mei my net barre, haw krekt genôch om de fêste lêsten en iten en drinken te beteljen, dêrmei hâldt it wol […]

Besprek de Moanne, Jiergong 9, nû. 7 Mei Rapportsifers.

Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]

Gehakbal yn de achtbaan

Strjittetheater hjoed yn Snits: sit wol wat aardichs tusken, mar ik bin net sa’n leafhawwer fan it sjenre. En myn tinzen draaie eins ek mar om ien ding. Nee, net dat, mefrou, hoe doare jo. Nee, ik bedoel fansels myn nije bondel. Yndieling en sa. Hokker fersen der yn, hokker der út moatte. Titel. Wat […]

Pieter Massenet

No sa, ensafh hat efkes fakânsje! Dat wol sizze, it nijs, de aginda en de blogfragminten wurde gewoan byhâlden. Of komme jo noait op dy side? Dan doge jo net. In sterke Dwers fan Pieter de Groot oer de flapdrol Henk Keizer, de… ja, wat is it eins? Lês Piter syn stikje sels mar, yn […]

Wyn gûlt yn de prosessor

No, dat is ek wat, de Moanne hat in ferkearde ferzje pleatst fan Jan Folkerts syn artikel oer Jorwert. Eksuses binne al oanbean. Lykwols net sa snoad fan de redaksje. Ik krige it berjocht dat Go-Gol wer online stean soe. Dat wy dat noch meimeitsje meie! Mar, by my wurket it net. Soene se de […]