Cornelis van der Wal

Tag: Tsead Bruinja

  • Nije kollum: Dichters fan Fryslân en it Vaderland

    Sûnt 2017 hat ús provinsje in Dichter fan Fryslân en dêrneist hat ek in Fries twa jier lang Dichter des Vaderlands west. Ik jou yn dit stik efkes in koarte yndruk fan de kwaliteit fan de laureaten. Lit ús úteinsette mei Eeltsje Hettinga, dy’t DFF wie fan 2017 oant 2019. Hettinga liet him kenne as…

  • Dichter des Vaderlands Bruinja pleitet tsjin it brûken fan it Frysk

    Fannejûn seach ik de dokumintêre ‘It Wurd Wat‘ oer Fryske poëzy. In soad ôfwaaid praat, yndied, mar al nijsgjirrich fûn ik hoe’t de Amsterdamse Fries Tsead Bruinja, dy’t op dit stuit Dichter des Vaderlands is, him oer it Frysk útlit. Sjoch de foto’s of fansels de doku en lûk jo konklúzje.  

  • Aparte kar advyskommisje Obe Postmapriis

    Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong, does that ring a bell? Eh… Ik hie allinnich noch mar fan Rolf Bremmer heard, de akademikus. De oare trije meie jo sels googelje… Hoe dan ek, dizze persoanen hawwe ferstân fan it literêre  Frysk neffens de Provinsje, se sitte ommers yn de advyskommisje foar…

  • Skandaal op de balken

    Ja, it is wier, Tsead Bruinja, de nije kollumnist fan de Ljouwerter Krante, skriuwt syn kollum yn it Hollânsk. Myn fraach is: wêrom? Moat dat fan de krante, of is dit Tsead syn kar? Ik fyn it … Lit mar, myn stânpunt is bekend. En, hiel wat oars, kin de gemeente Ljouwert dizze poëzijtegel fan…

  • Besprekken Eppie Dam bywurke

    Eppie Dam yn de LC mei de nijste bondels fan Tsead Bruinja, Foppe Venema en Anne Feddema. Foar jo argivearre troch Knilles. Dus. Klik hjir.

  • Grutte sloop troch neven

    Ik wie fannemiddei efkes yn Grins: grutte sloop dêre fanwege it Nije Forum. Wit net oft ik dat wol moai fyn… Ek efkes by Dichters in de Prinsentuin west, mar dêr rûn Coen Peppelenbos ek om, dat ik waard net hielendal goed. De poëzijfestival hawwe se nammers ferpest troch freedtejûns gjin foardrachten mear yn te…

  • The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

    Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In…

  • Six Friesian poets

      [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=Rr8GjqGqViY[/youtube]