Tag Archives: Waarm iten

Trije stjerren fan Eppie foar ‘Wolf yn harnas’

Heden, mar leafst trije stjerren *kuch* fan Eppie Dam kriget Wolf yn harnas yn de Ljouwerter. En no aanst ek noch Abe (in grutte freon fan Eppie) yn it Deiblêd! Ik wol der net al te djip op yngean, mar de lêzer sil sels wol sjen dat Dam wat in min sin hie. Wat moatte […]

Fryske Akademy: hâld mar op mei Frysk skriuwen!

‘Han van de Velde fan de Fryske Akademy pleite derfoar om it Frysk as skriuwtaal oer te jaan en alle omtinken op it behâld fan ’e sprektaal te rjochtsjen. “Het nog leren lezen en schrijven is een verloren zaak”, sa sei er.’ No, en dy Fryske literatuer, hâld dêr ek mar mei op. Dat kin […]

Dizenige Lieven

Lieven Bertels – hy skynt hjir in pear huzen fierderop te wenjen, mar ik haw him noch nea troffen – is artistyk lieder fan KH2018. Der stiet in petear mei de bêste man op de side fan de Moanne. De Moanne, mei Ernst Bruinsma as grutte roergonger, dy’t fynt dat ik gjin dichter bin, alteast […]

It Mienisme bestiet net!

It wie te ferwachtsjen: de ‘Mienisten’ fan Skanomodu sitte mei de mûle fol tosken, en witte net hoe’t se reagearje moatte op myn opmerking oer harren ‘nije beweging’. De konklúzje moat wêze: it Mienisme bestiet hielendal net. Der is gjin sprake fan in beweging. Reitsma hat it allegear optocht, mar kriget alhiel gjin meistanners. Jûn […]

Bearput Contrabas, it ferfolch

Ja, sucht… It is noch folle slimmer as tocht, en der komt noch mear… Klik hjir mar efkes foar in nije ôflevering fan de bearput Contrabas. Wat seine Abe de Vries en Teake Oppewal oer harren gearwurking mei de Contrabas en de warskôgingen dy’t Bart Droog en ik útgean litten hawwe?   Abe: ‘haat- en […]

Eeltsje-Om en it prizejild

Ha goeie! Ik woe jim earst mar ris wize op myn kollum op de side fan ensafh. Hy stiet hjirre. En dan mar wer ris sitearje fan it Facebook fan in seker persoan. It is in reaksje fan Eeltsje Hettinga, jo witte wol, de broer fan de ferneamde dichter. Hjir komt er: ‘Bloei op dea […]