{"id":10343,"date":"2026-03-22T16:27:41","date_gmt":"2026-03-22T15:27:41","guid":{"rendered":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/?p=10343"},"modified":"2026-03-22T16:29:18","modified_gmt":"2026-03-22T15:29:18","slug":"abe-besmodzet-it-deibled","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/?p=10343","title":{"rendered":"Abe besmodzet it Deibl\u00ead"},"content":{"rendered":"<p>Dit is it nivo fan it Friesch Dagblad tsjintwurdich. In &#8216;kollum&#8217; (21-03-2026) fan Abe de Vries&#8230; Yn it ferline wie dit noch in fatsoenlike krante, mar Abe mei alles skriuwe, blykber. Hie dizze tekst no yn in blog stien, dan hie ik it mar gewurde litten, mar om no in &#8216;kristlike&#8217; krante hjirmei te fersmoargjen giet my wat te fier&#8230;<\/p>\n<p><em>Dichtersbuert<\/em><br \/>\nWa\u2019t it betocht, dat wit net ien mear. Men kin faaks wol sizze: it hong yn \u2019e loft. De nije st\u00ead d\u00ear\u2019t it l\u00e2nsbestjoer Frysl\u00e2n mei opskypje woe, fanwege it ferlet fan tsien of tweintich of tritich nije st\u00eaden foar R\u00e2nestedsjers, dy nije Fryske st\u00ead dus, mei nije stasjons oan in nij spoar, en mei f\u00fbgelfluch ynbrekfijannich ynternet, dy moast fansels ek in Dichtersbuert hawwe.<\/p>\n<p>Dat stie b\u00fbten kiif. It idee kaam opsetten yn \u2019e jierren fan Jetten, doe\u2019t dichters en keunstresinsjes allyk krepearren fan clickferlet. De tiid doe\u2019t de oankommende Dichters fan Frysl\u00e2n wol wat betters te learen hiene as rimelerij. Doe\u2019t de pleatslike nijsboades har redaksjonele romte leaver bestegen, logysk, oan in knap te keap steand te grut h\u00fbs as oan de riedeleaze taal fan in pear nuversma\u2019s yn har oersubsidiearre bubbels.<\/p>\n<p>Mar ja, se hiene ek har fertsjinsten foar \u2019t heitel\u00e2n h\u00e2n. Dichters. Je moasten der wat mei, wie it idee. Op de grutte tekentafels fan in goed bekend steand goedkeap AI-kantoar waard it gr\u00fbnplan \u00fatdoktere. Dwers troch de buert kaam in brede leane, mei oan elke kant in d\u00fbbele rige b\u00fbken, en hjir en d\u00ear tusken de achterlizzende neo-rintenierbou in lytse \u00fatspanning. Dy leane sil fansels de Abe de Vries-leane hjitte.<\/p>\n<p>Om de wyk hinne wie in r\u00fbnwei betocht. D\u00ear koe it ferkear wat flotter opsjitte. Dat wie de Arjan Hut-strjitwei, de \u2018Heak fan Hut\u2019. Der\u00fbndertroch in tjuster Edwin de Groot-fytstunneltsje. Oer de Heak hinne wiene fiadukten pland, ek mei nammen, w\u00earby\u2019t der hiel krekt op tasjoen wie dat de helte fan de fiadukten nei manlike dichters en de oare helte nei froulike dichters neamd waard. Ien fiadukt hie gjin namme. Mei opsetsin, want sekse is no ienris in konstruksje.<\/p>\n<p>Yn de buert sels hie Artificial Intelligence wakker flyt dien om net al te serieus en rjochtlinich en eastblokkerich mar just boartlik en ferrassend en kleurryk foar de dei te kommen. Sa wie der in Elske Kampen-h\u00f4fke, d\u00ear\u2019t de grutte wr\u00e2ld fierwei fan bleau mar de gealen en mizen en de bejaarden net. Der wie ek in Albertina Soepboer-plantsoen; de yngong wie net te finen.<\/p>\n<p>It slingerjend Sipke de Schiffart-paad wie foar it \u00fatlitten fan de h\u00fbn. Dat skulpepaad \u2013 subtyl nautysk aksint \u2013 r\u00fbn dea. Oan it begjin fan de Cornelis van der Wal-steech stie in iepenbier h\u00faske. Under arsjitektuer, dat wol. Efkes fierderop de Eeltsje Hettinga-rotonde, ynearsten bedoeld as shared space mar letter oanpast fanwege bumperbotsingen en gjin ein.<\/p>\n<p>Foar de lytskes kaam der in Anne Feddema-klimtoer, d\u00ear koene de flarden in foarbyld nimme oan de fierte. En dan wie der ek noch it Aggie van der Meer-plein, mei in Syds Wiersma-kapel. Beide frijwat rom opset, foar it oekumenysk tinken. Yn \u2019e kantline wie in warsk\u00f4gjende opmerking delkwattele: soe it op dat plein net altyd swart sjen fan de protestflaggen? Dat like doe al wat fiersocht, want protestflaggen, dy wiene troch al lang ferbean troch Brussel.<\/p>\n<p>Moai plan! Mar dy hiele Dichtersbuert is der noait kaam. Al dy nije st\u00eaden ek net, en no is it te let. No wit net ien mear wat dat wiene, dichters.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Dit is it nivo fan it Friesch Dagblad tsjintwurdich. In &#8216;kollum&#8217; (21-03-2026) fan Abe de Vries&#8230; Yn it ferline wie dit noch in fatsoenlike krante, mar Abe mei alles skriuwe, blykber. Hie dizze tekst no yn in blog stien, dan hie ik it mar gewurde litten, mar om no in &#8216;kristlike&#8217; krante hjirmei te fersmoargjen [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"open","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[130,124],"class_list":["post-10343","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-bloch","tag-abe-de-vries","tag-friesch-dagblad"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/10343","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=10343"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/10343\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":10345,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/10343\/revisions\/10345"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=10343"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=10343"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=10343"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}