{"id":9725,"date":"2018-02-08T17:59:02","date_gmt":"2018-02-08T16:59:02","guid":{"rendered":"http:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/?p=9725"},"modified":"2018-02-08T17:59:02","modified_gmt":"2018-02-08T16:59:02","slug":"rol-fan-studio-roosegaarde-by-it-wegerjen-fan-banieren-bliuwt-dubieus","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/?p=9725","title":{"rendered":"Rol fan Studio Roosegaarde by it wegerjen fan banieren bliuwt dubieus"},"content":{"rendered":"<p>Tekst: Facebook DichterS fan Frysl\u00e2n<\/p>\n<p>Waterconnecting2018 hat \u00fas juster ekskuzes oanbean foar de gong fan saken oangeande de banieren mei wetterpo\u00ebzij op it Wilhelminaplein. Se sille de banieren no sa gau mooglik \u00fat har behyplike hoekje yn it stedskantoar weihelje. En se ha \u00fas tasein dat se ein april in goed plak krije by de Wetterparade, as der yn de Aegont\u00fan in tentoanstelling oer wetter is, en dat se ek pleatst wurde kinne om de Wetterbar hinne dy\u2019t by Wetsus makke wurde sil. Earder dizze wike hie L\u00e2n fan Taal \u00fas al oanbean dat de banieren by guon eveneminten yn de Prinset\u00fan stean kinne en mooglik ek by The Sea, the Sea yn Harns. Moaie foar\u00fatsichten, tank d\u00earfoar.<\/p>\n<p>De rol fan Studio Roosegaarde by it wegerjen fan de banieren op it plein bliuwt dubieus. Neffens Waterconnecting kamen se mei in wasklist oan &#8216;steurende&#8217; eleminten op it plein dy&#8217;t ferwidere wurde moasten. D\u00ear hearden de banieren mei wetterpo\u00ebzij ek by. Moandei waard my troch Roosegaarde noch ferwiten dat ik harren falsk beskuldige, want nee sy soenen noait po\u00ebzij wegerje omdat se fan po\u00ebzij h\u00e2lde. Tiisdei wie de l\u00eazing al oars: se hienen &#8216;advisearre&#8217; om de banieren net op it plein te pleatsen, want dy soenen yn it tsjuster dochs net te l\u00eazen w\u00eaze en dat wie dochs skande fan de po\u00ebzij. Mar juster hat Waterconnecting \u00fas nochris witte litten dat Roosegaarde de banieren gewoan net op it plein ha woe. Basta.<\/p>\n<p>Mar gau nei Antarctica mei Waterlicht, soe ik sizze. Miskien kinne wy njonken de jierappelgedichten dy&#8217;t nei Malta brocht wurde, in iisbrekker mei Fryske skossepo\u00ebzij nei Antarctica stjoere en d\u00ear dan yslike dichtrigels troch de ljochtsjoo hinne katapulteare. Greenpeace wol \u00fas grif wol in skip liene. Want ik tink net dat dy bliid binne mei lasersjoos op de S\u00fadpoal.<\/p>\n<p>Syds Wiersma<\/p>\n<p><strong>Neiskrift: de regionale kranten fine dizze saak blykber gjin berjocht wurdich. cvdw<\/strong><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Tekst: Facebook DichterS fan Frysl\u00e2n Waterconnecting2018 hat \u00fas juster ekskuzes oanbean foar de gong fan saken oangeande de banieren mei wetterpo\u00ebzij op it Wilhelminaplein. Se sille de banieren no sa gau mooglik \u00fat har behyplike hoekje yn it stedskantoar weihelje. En se ha \u00fas tasein dat se ein april in goed plak krije by de [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":0,"comment_status":"open","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[953],"class_list":["post-9725","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-bloch","tag-daan-roosegaarde"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/9725","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=9725"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/9725\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":9726,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/9725\/revisions\/9726"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=9725"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=9725"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.wegmetderandstad.nl\/wordpress\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=9725"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}