Ik moast, yn ferbân mei in besprek foar it Frysk Deiblêd, wat opsykje by Tresoar. En, sa as it wol faak giet mei ynternet, jo dwale wat ôf. Lês en rydboskje.
Dêr haw ik my altyd al dea oan ergere: dat skriuwers dy't tafallich yn deselde stêd wenje samar ta in groep bombardearre wurde. Der hat yn it ferline ien sjoernalist west, neffens my Suertsje de Vries, dy't om ris in 'leuk' artikel te skriuwen dit hiele idee út syn grouwe tomme sûgd hat. En sûnt dy tiid papagaaiket elkenien him nei. Tresoar docht dat ek, mar makket it noch folle slimmer troch klearebare ûnsin del te kwatteljen. Sa wurdt ek Abe de Vries ta de (eartydske) Grinzer Fryske skriuwersgroep rekkene. De Vries wie doe hielendal net mei Frysk skriuwen dwaande. Sterker noch: hy hie oant 2001 noch nea in wurd Frysk skreaun. En wenne er wol yn Grins? Neffens my net. Faaks lêst De Vries mei en kin er ús fierder ynformearje.
Lês it sels mar: 'Albertine Soepboer hearde ta it ploechje skriuwers dat yn de twadde helte fan de jierren njoggentich en it begjin fan 2000 de stêd Grins op de ‘Frysk’ literêre kaart setten hat. De groep skriuwers, dêr’t fierders Tsead Bruinja, Abe de Vries, Meindert Talma en Nyk de Vries diel fan útmakken, foel op troch har eigentiidske en eigensinnige literêre wurk, faak yn kombinaasje mei muzyk, kwalitatyf fan heech nivo. Se hearden ta in jonge generaasje dichters en skriuwers, dy’t troch har wurk en wize fan wurkjen in ympuls joegen oan de Fryske literatuer. Sy wisten ek effektyf gebrûk te meitsjen fan it doe noch nije medium Ynternet. Yntusken wenje al dy skriuwers net mear yn Grins.'
Hjir oan te klikken.
Mei ik ris freegje: is der faaks ek in Ljouwerter Skriuwersgroep? In Snitser? In Harnzer? Ja fansels, in Harnzer skriuwersgroep, want Albertina wennet no yn Harns en Sytse Jansma ek, en noch wol in pear skriuwers. Dat moat wol in groep wêze!
Enne... wêrom wurdt Knilles eins net neamd? Dy spoeke ek in Grins om yn dy snuorje. De triennen rinne him oer it rûge wang - moarn wer skeare. Is... it in boycot?
Mar wat jout it... Der hat hielendal noait sprake west fan in Frysktalige Grinzer skriuwersgroep. Safolle gedoente hie men net meiïnoar. 'Wy' wennen tafallich allegear yn deselde stêd. Dat is alles. Op Abe nei dan.
En wa skriuwt dy siden fan Tresoar eins? Ien of oare stazjêre? En wa kontrolearret soks eins? It antwurd op de lêste fraach moat wêze: Knilles. Dit mei dus ek beskôge wurde as in iepen sollisitaasje.
Jûn waarmje ik wer brune beanesop op. Jim binne warskôge.
Laatste reacties