Cornelis van der Wal

Sels-plagiaat ‘Dichter fan Fryslân’ Eeltsje Hettinga

It wie my sels ûntkommen, want ik lês dy fersen fan de Dichter fan Fryslân meast net, mar fia de reaksjes op ensafh en in berjocht op Facebook waard ik der op wiisd dat de DFF himsels plagiearre hat mei syn nijste ynstjoering Europa – De nammen. Ik woe dizze kwestje op dit plak nochris neame, sadat de brot net ûndersnijd rekket.

Ik noegje jo út om dizze link oan te klikken, dêrûnder stiet it gedicht ‘De ûntplofte ierde’. It is by it *kuch* Kulturele Tydskrift de Moanne publisearre.

En lês dêrnei ris Hettinga syn nijste poëtyske bydrage as Dichter fan Fryslân, Europa – De nammen Hjir klikke. No bin ik my derfan bewust dat dichterlike ynspiraasje betiden in probleem wêze kin, mar yn dit gefal is der sprake fan klearebare earmoed.

Ik haw earne lêzen dat minsken net gau en graach op linkjes klikke. Wêrom net, dat is my in riedsel, mar ik sil harren skewiele troch in pear sitaten te jaan.

Ut ‘De ûntplofte ierde’, tredde strofe:

It is baas drok oan de kusten fan Europa,
badgasten hise har yn see, swimme
foarby skylpodden, deade bern en it wrak-
hout fan skurve boaten, ûngemak dat
jûns, as de sinne yn de oliven hinget,
fia Skype en mail nei it thúsfront fljocht,

En út ‘Europa – De nammen’:

It is baas drok oan de kusten fan Europa.
Badgasten, beskonken yn see, swimme
foarby it wrakhout fan it skip dat
de flechtling brocht, ûngeriif dat jûns
ûnder de sinne yn de oliven fia
Skype en mail nei it thúsfront spat,

Hettinga hat alsa fan de tredde strofe fan ‘De ûntplofte ierde’ in ‘nij’ gedicht makke: ‘Europa – De nammen’. De twa teksten binne frijwol identyk.

No freegje ik my ôf wat de Provinsje hjir eins fan tinkt. Moat ien beleanne wurde foar opwaarme stealtsjes? Moat hjir net yngrepen wurde?

De wize wêrop’t E. Hettinga DFF wurden is fertsjinnet sawiesa gjin skientmepriis. Ommers, Hettinga soe earst net oan de ferkiezing meidwaan, sjerpslikke de (foar it grutste part Hollânsktalige) sjuery om harren bekjes, die letter dochs mei en waard troch deselde sjuery ta DFF ferkeazen.

Sa giet it hjir yn Fryslân, en elkenien fynt it wol bêst.

Ik net.

 

 


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.