Abe de Vries en Elmar Kuiper begripe ‘Homo Universalis Vulgaris’ net!

Jo soene tinke dat de Fryske dichters Abe de Vries en Elmar Kuiper wol wat algemiene ûntwikkeling hiene, mar it docht bliken dat dat net sa is. Se miene dat de opmerking fan Anne Feddema: ‘De Homo Universalis Vulgaris de Vries moat de hantsjes tichtknipe dat der hoe dan ek wat skreaun wurdt oer syn fersen.’ homohaat is. Jo kinne it by ensafh neilêze en byhâlde.

Bêste Abe en Elmar, hear ris goed wat master Knilles seit: dy opmerking wie yn it Latyn, dêr’t Homo gewoan Minsk betsjut. No, dat wie dochs net sa dreech?

Wat is de oanlieding fan dizze kreauwerij? No, Jan Kooistra hie it oandoard en wie betiden in bytsje kritysk op De Vries syn bondel Njoggen dagen yn it gers. In hiel fatsoenlik besprek, mar Kooistra wie net oer alle boegen posityf. It gefolch: Abe de Vries ûnploft hielendal. Wat sille wy no krije, tocht er: Kooistra sjocht myn genialiteit net! Ik, de grutte ABE kriget krityk!

Yn syn stik wurde de leden fan de ensafhredaksje SA’ers neamd. Dat is strafber. Jo soene tinke: wat fine de liedingjouwenden fan it Friesch Dagblad, Abe is dêr redakteur, no fan dizze uterings? Oant no ta wurdt him de hân boppe de holle hâlden. Mar it hâldt in kear op.

Wy ite jûn broadsjes.

 

Freeslike eftergrûn

Hoe komme se derby? Om sokke ûnsjogge foto’s op de side te pleatsen… Wat in freeslike eftergrûn. Ik haw it oer it Friesch Dagblad. En dy keardel, Gerard Wolters, is al net al te kreas…

Om it mar net te hawwen oer dizze menear. Dy hat ynienen in hiel soad ferstân fan klassike muzyk. It is sa’n grutte kenner, dat er al in kursus klassike muzyk op Facebook jout… En stikjes oer klassike komponisten yn it FD skriuwt. Net dat dêr wat orizjineels yn stiet, nammers. Allegear klisjees…

Jûn in salade.

Strauss’s Arabella: “Aber der Richtige”

Aaklike namme

‘Het leek op papier een allegaartje, dat orgelconcert in de Groninger Martinikerk door Hannes Minnaar. Hij is een toonaangevende Nederlandse pianist, maar tijdens zijn pianostudie heeft hij zich ook op het orgel bekwaamd. Hij weet er duidelijk de weg op.’ (LC)

Hannes Minnaar, jo sille mar sa hjitte. Dêr soe ik no nea hinne gean, in konsert fan dizze muzikus.

Hjoed begjint de Tour wer! Altyd better as dat fuotbaljen, dat ferpest wurdt troch bangeskiters as Ronald Koeman. Ik tink dat it wol wer spannend wurde sil, mei Seixas en Arensman as outsiders.

Ik sil fannejûn nei de film Disclosure Day fan Steven Spielberg, bin benijd!

Mar earst kant en kleare bakjes iten jûn..

 

Subsydzje, grut nijs?

Ik seach it as grut nijs brocht op ynternet: Sytse Jansma kriget subsydzje foar it skriuwen fan in roman fan it Letterenfonds. Dat is fansels moai foar de man, mar wêrom is dit nijswurdich? Al jierren lang krije Fryske skriuwers en dichters subsydzje fan it Fûns. Ik hâlde  dat sels in skoftke by, mar haw dêr gjin nocht mear oan…

Ik sjoch dat de yndieling fan de digitale LC en it FD oanpast is. Gjin kopkes mei ‘Cultuur’ mear bygelyks. Dat is gjin foarútgong.

Ja, ik sil myn blog wer wat byhâlde!

Jûn ite wy … bamy

Abe besmodzet it Deiblêd

Dit is it nivo fan it Friesch Dagblad tsjintwurdich. In ‘kollum’ (21-03-2026) fan Abe de Vries… Yn it ferline wie dit noch in fatsoenlike krante, mar Abe mei alles skriuwe, blykber. Hie dizze tekst no yn in blog stien, dan hie ik it mar gewurde litten, mar om no in ‘kristlike’ krante hjirmei te fersmoargjen giet my wat te fier…

Dichtersbuert
Wa’t it betocht, dat wit net ien mear. Men kin faaks wol sizze: it hong yn ’e loft. De nije stêd dêr’t it lânsbestjoer Fryslân mei opskypje woe, fanwege it ferlet fan tsien of tweintich of tritich nije stêden foar Rânestedsjers, dy nije Fryske stêd dus, mei nije stasjons oan in nij spoar, en mei fûgelfluch ynbrekfijannich ynternet, dy moast fansels ek in Dichtersbuert hawwe.

Dat stie bûten kiif. It idee kaam opsetten yn ’e jierren fan Jetten, doe’t dichters en keunstresinsjes allyk krepearren fan clickferlet. De tiid doe’t de oankommende Dichters fan Fryslân wol wat betters te learen hiene as rimelerij. Doe’t de pleatslike nijsboades har redaksjonele romte leaver bestegen, logysk, oan in knap te keap steand te grut hûs as oan de riedeleaze taal fan in pear nuversma’s yn har oersubsidiearre bubbels.

Mar ja, se hiene ek har fertsjinsten foar ’t heitelân hân. Dichters. Je moasten der wat mei, wie it idee. Op de grutte tekentafels fan in goed bekend steand goedkeap AI-kantoar waard it grûnplan útdoktere. Dwers troch de buert kaam in brede leane, mei oan elke kant in dûbele rige bûken, en hjir en dêr tusken de achterlizzende neo-rintenierbou in lytse útspanning. Dy leane sil fansels de Abe de Vries-leane hjitte.

Om de wyk hinne wie in rûnwei betocht. Dêr koe it ferkear wat flotter opsjitte. Dat wie de Arjan Hut-strjitwei, de ‘Heak fan Hut’. Derûndertroch in tjuster Edwin de Groot-fytstunneltsje. Oer de Heak hinne wiene fiadukten pland, ek mei nammen, wêrby’t der hiel krekt op tasjoen wie dat de helte fan de fiadukten nei manlike dichters en de oare helte nei froulike dichters neamd waard. Ien fiadukt hie gjin namme. Mei opsetsin, want sekse is no ienris in konstruksje.

Yn de buert sels hie Artificial Intelligence wakker flyt dien om net al te serieus en rjochtlinich en eastblokkerich mar just boartlik en ferrassend en kleurryk foar de dei te kommen. Sa wie der in Elske Kampen-hôfke, dêr’t de grutte wrâld fierwei fan bleau mar de gealen en mizen en de bejaarden net. Der wie ek in Albertina Soepboer-plantsoen; de yngong wie net te finen.

It slingerjend Sipke de Schiffart-paad wie foar it útlitten fan de hûn. Dat skulpepaad – subtyl nautysk aksint – rûn dea. Oan it begjin fan de Cornelis van der Wal-steech stie in iepenbier húske. Under arsjitektuer, dat wol. Efkes fierderop de Eeltsje Hettinga-rotonde, ynearsten bedoeld as shared space mar letter oanpast fanwege bumperbotsingen en gjin ein.

Foar de lytskes kaam der in Anne Feddema-klimtoer, dêr koene de flarden in foarbyld nimme oan de fierte. En dan wie der ek noch it Aggie van der Meer-plein, mei in Syds Wiersma-kapel. Beide frijwat rom opset, foar it oekumenysk tinken. Yn ’e kantline wie in warskôgjende opmerking delkwattele: soe it op dat plein net altyd swart sjen fan de protestflaggen? Dat like doe al wat fiersocht, want protestflaggen, dy wiene troch al lang ferbean troch Brussel.

Moai plan! Mar dy hiele Dichtersbuert is der noait kaam. Al dy nije stêden ek net, en no is it te let. No wit net ien mear wat dat wiene, dichters.

Theater De Bres: Woke Sneeuwvlokjes Cancelen Cabaretier in Leeuwarden

Voor de verandering eens een stukje in het Nederlands en niet in het Fries, want dit is een steunbetuiging aan de Nederlandstalige cabaretier Rogier Kahlmann. Kahlman maakt in zijn shows ‘foute grappen’, waar ik meestal wel om kan lachen.

Zo niet het personeel van Theater de Bres, zetelende in  mijn woonplaats Leeuwarden. Dit plaatste Kahlmann op X:

 

Deze meelopers van ‘woke’ nemen Kahlmann’s humor letterlijk, terwijl het om absurde overdrijving gaat. Maar ik ga hier geen grappen uitleggen!

Is het wellicht een goed idee om dit theater, bevolkt door zielige sneeuwvlokjes, voortaan te mijden?

Abe de Vries: mis oer Brolsma

Ik haw it op dit plak al in moai skoft net mear oer Abe de Vries hân. Mar no moat it wer…

Dêr binne in stikmannich redenen foar, mar de meast aktuele oanlieding is De Vries syn stik fan hjoed 30-12-2025 yn it Deiblêd oer Reinder Brolsma. Abe wol hawwe dat Brolsma himsels op 13-11-1953 yn van Harinxmakanaal fan it libben berôve, wylst dat in de Ljouwerter Potmarge barde… Ik pleats hjir in screenshot, foardat it Deiblêd it faaks oanpasse sil:

Faaks kin De Vries him tenei earst wat better dokumintearje foar’t er sa’n stupide flater makket.

Nobelpriis giet wer oan Bouke Oldenhof foarby

Nepotisme by it Friesch Dagblad

Abe de Vries is û.o. kultuerredakteur by it Friesch Dagblad.

No ferskynde hjoed, 07-04-2025, in stikje yn it Deiblêd fan Abe syn hân oer syn soan, de fioelist Tim, dy’t in priis wûn hat mei syn Motus Kwartet. Dizze heit skriuwt tige loovjend oer syn soan, dat seit himsels. It Friesch Dagblad is lykwols de iennichste krante dy’t dizze priis nijsweardich fynt. It is Tim en syn kollega’s fan herte gund, hear. Mar liket sok skriuwen net in bytsje op nepotisme? Der wurdt nammers yn dit artikel ek net ienkear neamd dat de ferslachjouwer en de priiswinner heit en soan binne…

Fine se soks tsjintwurdich normaal by it Deiblêd?