Abe de Vries en Elmar Kuiper begripe ‘Homo Universalis Vulgaris’ net!

Jo soene tinke dat de Fryske dichters Abe de Vries en Elmar Kuiper wol wat algemiene ûntwikkeling hiene, mar it docht bliken dat dat net sa is. Se miene dat de opmerking fan Anne Feddema: ‘De Homo Universalis Vulgaris de Vries moat de hantsjes tichtknipe dat der hoe dan ek wat skreaun wurdt oer syn fersen.’ homohaat is. Jo kinne it by ensafh neilêze en byhâlde.

Bêste Abe en Elmar, hear ris goed wat master Knilles seit: dy opmerking wie yn it Latyn, dêr’t Homo gewoan Minsk betsjut. No, dat wie dochs net sa dreech?

Wat is de oanlieding fan dizze kreauwerij? No, Jan Kooistra hie it oandoard en wie betiden in bytsje kritysk op De Vries syn bondel Njoggen dagen yn it gers. In hiel fatsoenlik besprek, mar Kooistra wie net oer alle boegen posityf. It gefolch: Abe de Vries ûnploft hielendal. Wat sille wy no krije, tocht er: Kooistra sjocht myn genialiteit net! Ik, de grutte ABE kriget krityk!

Yn syn stik wurde de leden fan de ensafhredaksje SA’ers neamd. Dat is strafber. Jo soene tinke: wat fine de liedingjouwenden fan it Friesch Dagblad, Abe is dêr redakteur, no fan dizze uterings? Oant no ta wurdt him de hân boppe de holle hâlden. Mar it hâldt in kear op.

Wy ite jûn broadsjes.

 

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *