Cornelis van der Wal

Tag: de Moanne

  • Protest tsjin skriuwoprop de Moanne boazet oan

    De redaksje fan de Moanne sil sa njonkelytsen wol mei de hannen yn it hier sitte, foarsafier oanwêzich, alteast. Der hat him in nije protestant tsjin de omstriden Skriuwoprop fan it tydskrift oppennearre, en it is nimmen minder as Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga! Dat de bêste man in pear punten fan ûndertekene oernommen hat…

  • Skriuwoprop fan de Moanne hypokryt

    Ik hie it der lêst ek alris oer, mar no stiet it offisjeel online by de Moanne: Skriuwoprop: Wat wit ik fan dizze wrâld? It sil grif oan mysels lizze, mar wat moat ik mei teksten as ‘It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al…

  • Tige dizenige wedstryd fan de Moanne

    Ik sitearje efkes Sirkwy: ‘Wat wit ik fan dizze wrâld? Algemien kultureel opinyblêd de Moanne skriuwt in wedstryd út oer de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers. Op dizze wize wol de redaksje stilstean by it feit dat it 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde, de foarrinner fan de Moanne.…

  • Sinjalearre: ‘Obe Postma hie in fyts’ út Wolf yn harnas

    Arjan Hut yn de Moanne nû 3, 2017 Efkes op it plaatsje klikke

  • Grutte Pier Net oer de holle sjoen troch de Moanne + rektifikaasje

    Niiskrekt de nijste Moanne efkes trochblêde yn de byb, faaks moat ik dit nûmer mar ris oanskaffe, want der sit in tige nijsgjirrige bylage by oer de Fryske opera. Tige spitich dat skriuwer Liuwe Westra myn lytse elektroanyske opera Grutte Pier oer de holle sjoen hat! 🙂 REKTIFIKAASJE: De opera wurdt al neamd yn it…

  • Dizenige Lieven

    Lieven Bertels – hy skynt hjir in pear huzen fierderop te wenjen, mar ik haw him noch nea troffen – is artistyk lieder fan KH2018. Der stiet in petear mei de bêste man op de side fan de Moanne. De Moanne, mei Ernst Bruinsma as grutte roergonger, dy’t fynt dat ik gjin dichter bin, alteast…

  • Algemiene artsy-fartsy

    Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr…

  • Jongfryske bamy

    Jawis, jo eigen Knilles leveret ek in bydrage oan de betinking fan it feit dat it 100 jier lyn is dat de Jongfryske Mienskip oprjochte waard. Sterker noch: ik bin sels al in moai skoft lid fan dizze beweging. It ledeblêd Lyts Frisia hjit sûnt koart Nij Frisia. It sjocht der wat better út as earder.…

  • Theologyske magneten

    Dat wie in moaie middei/jûn earjuster! Yn it ramt fan de presintaasje fan twa nije Afûkboeken, de Triennen fan Cheetah en Frou mei mandoline op sofa fan resp. Anne Feddema en Josse de Haan wiene wy te gast by in Moannejûn. Yn it hol fan de liuw fansels, as ensafh-man yn ieren en sinen. Mar…

  • 24-09-14 De Moanne Live