Dizenige Lieven

Lieven Bertels – hy skynt hjir in pear huzen fierderop te wenjen, mar ik haw him noch nea troffen – is artistyk lieder fan KH2018. Der stiet in petear mei de bêste man op de side fan de Moanne. De Moanne, mei Ernst Bruinsma as grutte roergonger, dy’t fynt dat ik gjin dichter bin, alteast net by de top 20 hear. Bruinsma hat de dichters útsocht dy’t troch in sekere Kuitwaard portretearre binne.

Mar ik dwaal ôf. Ik haw efkes om it wurd Frysk socht yn dat petear. Stiet der net yn. Soe Bertels wol witte dat hjir Frysk praat en skreaun wurdt? Fan de ferslachjouwster sil er ek net wizer wurde, dy stelt allinnich mar obligate fragen. Soe er de muoite dwaan om ek mar in bytsje Frysk te learen?

Wurdt it noch wat mei ús eigen taal yn 2018? My tinkt fan net net.  Dit binne de projekten. Allinnich ‘Lân fan Taal’ liket wat mei it Frysk te krijen te hawwen, mar it is allegear tige dizenich kwa opset. Lês ek ris it blochke fan Daam de Vries oer dit projekt.

Jûn waarm iten.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *