Nepotisme by it Friesch Dagblad

Abe de Vries is û.o. kultuerredakteur by it Friesch Dagblad.

No ferskynde hjoed, 07-04-2025, in stikje yn it Deiblêd fan Abe syn hân oer syn soan, de fioelist Tim, dy’t in priis wûn hat mei syn Motus Kwartet. Dizze heit skriuwt tige loovjend oer syn soan, dat seit himsels. It Friesch Dagblad is lykwols de iennichste krante dy’t dizze priis nijsweardich fynt. It is Tim en syn kollega’s fan herte gund, hear. Mar liket sok skriuwen net in bytsje op nepotisme? Der wurdt nammers yn dit artikel ek net ienkear neamd dat de ferslachjouwer en de priiswinner heit en soan binne…

Fine se soks tsjintwurdich normaal by it Deiblêd?

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *