Besprekken
Besprek de Toer yn de LC troch Albertina Soepboer:
‘De Toer’ fan Cornelis van der Wal: Gedichten as bromsjongende sjamanen | resinsje ★★★★☆
Wa’t skaakt, dy kent it stik: de toer. Dat stevige, benei noartske stik dat de boel yn ’e gaten hâldt. ‘De Toer’ is ek de titel fan de achtste dichtbondel fan Cornelis van der Wal.
Op it omkaft stiet pontifikaal in swarte skaaktoer. Yn de toer baarnt in lyts ljochtsje. Dat is nedich. Dizze dichter daalt nammentlik ôf ta yn de kelders fan dy toer. Hy ferljochtet yn syn gedichten dat wat spûket en tsjuster is.
Al oan it begjin set Van der Wal (Leeuwarden, 1956) yn op in oare tiid as uzes. Sa falt Regiswindis yn it jier 832 n.kr. fan de toer fan har kastiel ôf de rivier de Neckar yn: ‘Yn it frisse wetter fan april driuwt Regiswindis. / It famke is dea, se hat de hannen gear en de eagen / ticht. Sulver en fleurich streamt de Neckar.’ Regiswindis wurdt ta hillige en leginde ferklearre, en krijt it ivich libben. Dat skimerige gebiet tusken libben en dea, tusken doe en no, dat is it gebiet dêr’t Van der Wal syn gedichten fynt.
Op ‘en paad
It kin net oars as dizze dichter moat op ’en paad om gedichten te finen: ‘Ik hie fuotten, skuon en skonken, dat ik rûn nei it stasjon; / myn tinzen stiene yn ’e file foar it stopljocht. / ‘Jo kinne likegoed thúsbliuwe,’ rôp it reade mantsje.’ Dat mantsje is in personaazje dat yn mear bondels fan Van der Wal foarbykomt. It is it spotske alter-ego fan de dichter dat him mei beide fuotten op ’e grûn hâldt.
It gedicht De Fryske Dzjengis Khan leit prachtich bleat hoe’t de dichter him ferhâldt ta himsels:
Ik bin âld en wurch. It is near yn it museum, ik sit
op in bankje en hear de sjamanen bromsjongen.
As jonge seach ik gauris yn ’e spegel en ik tocht:
bisto net ien fan de Mongoalske stam, hat Dzjengis Khan
mei syn wrede leger ea oant Menaam ta west?
Us mem wist fan neat. Mar ik seach gjin geasten.
Myn eagen steane skeaner as ea, ik sil fannacht skerp
mei myn swurd fan ’e steppe de stêd ûnfeilich meitsje!
Aanst earst mar in knipperke dwaan yn it hotel.
Uteinlik bringe de gedichten de dichter by de toer tebek. Mar net alles is like sterk. Sa is it gedicht Deade echo bygelyks in fariaasje op saken dy’t al earder yn de bondel foarkamen.
It lêste gedicht is wer in boppeslach: ‘Gûlende wyn krûpt troch de kelder it grêf yn: / drôf en krom komme de goaden werom.’ De Toer hâldt net op by de dea, mar spûket fierder de tiid yn. It is net noflik, mar wol heidensk moai.
Dichtbondel
Titel: de Toer
Skriuwer: Cornelis van der Wal
Utjouwerij: Hispel
Priis: 18,50 euro (48 siden)
★★★ ★


Post a Comment