Abe besmodzet it Deiblêd

Dit is it nivo fan it Friesch Dagblad tsjintwurdich. In ‘kollum’ (21-03-2026) fan Abe de Vries… Yn it ferline wie dit noch in fatsoenlike krante, mar Abe mei alles skriuwe, blykber. Hie dizze tekst no yn in blog stien, dan hie ik it mar gewurde litten, mar om no in ‘kristlike’ krante hjirmei te fersmoargjen giet my wat te fier…

Dichtersbuert
Wa’t it betocht, dat wit net ien mear. Men kin faaks wol sizze: it hong yn ’e loft. De nije stêd dêr’t it lânsbestjoer Fryslân mei opskypje woe, fanwege it ferlet fan tsien of tweintich of tritich nije stêden foar Rânestedsjers, dy nije Fryske stêd dus, mei nije stasjons oan in nij spoar, en mei fûgelfluch ynbrekfijannich ynternet, dy moast fansels ek in Dichtersbuert hawwe.

Dat stie bûten kiif. It idee kaam opsetten yn ’e jierren fan Jetten, doe’t dichters en keunstresinsjes allyk krepearren fan clickferlet. De tiid doe’t de oankommende Dichters fan Fryslân wol wat betters te learen hiene as rimelerij. Doe’t de pleatslike nijsboades har redaksjonele romte leaver bestegen, logysk, oan in knap te keap steand te grut hûs as oan de riedeleaze taal fan in pear nuversma’s yn har oersubsidiearre bubbels.

Mar ja, se hiene ek har fertsjinsten foar ’t heitelân hân. Dichters. Je moasten der wat mei, wie it idee. Op de grutte tekentafels fan in goed bekend steand goedkeap AI-kantoar waard it grûnplan útdoktere. Dwers troch de buert kaam in brede leane, mei oan elke kant in dûbele rige bûken, en hjir en dêr tusken de achterlizzende neo-rintenierbou in lytse útspanning. Dy leane sil fansels de Abe de Vries-leane hjitte.

Om de wyk hinne wie in rûnwei betocht. Dêr koe it ferkear wat flotter opsjitte. Dat wie de Arjan Hut-strjitwei, de ‘Heak fan Hut’. Derûndertroch in tjuster Edwin de Groot-fytstunneltsje. Oer de Heak hinne wiene fiadukten pland, ek mei nammen, wêrby’t der hiel krekt op tasjoen wie dat de helte fan de fiadukten nei manlike dichters en de oare helte nei froulike dichters neamd waard. Ien fiadukt hie gjin namme. Mei opsetsin, want sekse is no ienris in konstruksje.

Yn de buert sels hie Artificial Intelligence wakker flyt dien om net al te serieus en rjochtlinich en eastblokkerich mar just boartlik en ferrassend en kleurryk foar de dei te kommen. Sa wie der in Elske Kampen-hôfke, dêr’t de grutte wrâld fierwei fan bleau mar de gealen en mizen en de bejaarden net. Der wie ek in Albertina Soepboer-plantsoen; de yngong wie net te finen.

It slingerjend Sipke de Schiffart-paad wie foar it útlitten fan de hûn. Dat skulpepaad – subtyl nautysk aksint – rûn dea. Oan it begjin fan de Cornelis van der Wal-steech stie in iepenbier húske. Under arsjitektuer, dat wol. Efkes fierderop de Eeltsje Hettinga-rotonde, ynearsten bedoeld as shared space mar letter oanpast fanwege bumperbotsingen en gjin ein.

Foar de lytskes kaam der in Anne Feddema-klimtoer, dêr koene de flarden in foarbyld nimme oan de fierte. En dan wie der ek noch it Aggie van der Meer-plein, mei in Syds Wiersma-kapel. Beide frijwat rom opset, foar it oekumenysk tinken. Yn ’e kantline wie in warskôgjende opmerking delkwattele: soe it op dat plein net altyd swart sjen fan de protestflaggen? Dat like doe al wat fiersocht, want protestflaggen, dy wiene troch al lang ferbean troch Brussel.

Moai plan! Mar dy hiele Dichtersbuert is der noait kaam. Al dy nije stêden ek net, en no is it te let. No wit net ien mear wat dat wiene, dichters.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *