Hifke foar de Graal

Heden! Fia Tsead Bruinja waard ik wiisd op de side fan Klaas van der Hoek, mei û.o nijsgjirrige oersettingen fan Emily Dickinson. Marrr ek tige de muoite wurdich is de rubryk ‘Hifke foar it Fûns‘. En it Fûns is dan fansels it Nederlands Letterenfonds. Moai dat soks no online stiet!

Fansels sykje jo dan earst nei… jo eigen namme. Sa is de minsk. En dan komme jo by in lêsferslach fan myn bondel ‘Subsydzje foar de Graal’… No, lês sels mar…

‘Gedichten als ‘It byld jout lûd’, ‘Faam en laam, in resept’, ‘De libbene bôle, in pastorale’ en ‘De reis fan de iensume reus’ verdienen applaus. Meer dan eens flikkert Van der Wal uit de trapeze, maar al met al zet hij met Subsydzje foar de Graal toch een memorabele act neer in de Fries-literaire piste.’

Net sûnder krityk, jawis. Mar dan sûnder denigrearjend te dwaan. Sa heart it.

Haw bamy opwaarme.

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of