Unfatsoenlike Gysbert

Net elkenien is lokkich mei de proseduere om de Gysbert 2013 hinne. ‘De PC Hooftpriis wurket ommers ek net mei nominaasjes’, sa hearde ik juster in ferneamd Frysk skriuwer sizzen. En it is ek hiel eigenaardich en eins planút ûnfatsoenlik dat de nominearren net op ‘e hichte brocht binne. Dy moasten it nijs fia internet of de krante fernimme.

De kar fan de sjuery… moat ik dêr noch wat oer sizze? Eksperimenteel wurk as dat fan Elmar Kuiper en ja, toe mar, ûnderskreaune hat gjin kâns makke. Mar dat wol net sizze dat der gjin hiele sterke bondels by steane. En ek in pear dy’t yn de kategory ‘sloppe hap’ rangskikt wurde kinne.

Ek apart dat Tresoar sûnder te freegjen in grut tal fan myn besprekken foar it Deiblêd online setten hat. Oer ûnfatsoen sprutsen.

Jûn hinnepoatsjes mei rys en slaad.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *