Heldenepos mei ‘dt’

Lies niiskrekt it petear yn de Ljouwerter dat S. de Vries hie mei Harke Bremer en Jarich Hoekstra. De beide mannen hawwe in nij boek skreaun: Leffert. Harren foarige boek de Frouwepenje fûn ik frijwat teloarstellend. De haadpersoanen kamen net ta libben, ik seach der gjin bylden by.

Yn it petear wurdt steld dat it yn de Fryske literatuer ûntbrekt oan in heldenepos. Dan hawwe Bremer en Hoekstra myn Skalder en it swurd noch net lêzen tink! In modern heldenepos, mei tekeningen fan Anne Feddema. Ik haw noch wol in steapeltsje lizzen.

De sjoernalist Sietse de Vries moat noadich wer op staveringskursus. Sjoch it plaatsje hjirûnder.

foto (16)

Haw makaroany iten

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *