Cornelis van der Wal

Job Degenaar strikes again!

Niiskrekt nei de beneaming fan de Nije Dichter fan Fryslân west. It is dus Nyk de Vries wurden. Dat koe minder.

It wie in moaie middei, mar ik hie al wat argewaasje fan it sjuerylid Job Degenaar en in ‘rapper’, dêr ik de namme fan kwyt bin. Poelsma of sa. De lêste stuts in ferhaal ôf, oer ynklusiviteit en dat de besikers net divers genôch wêze soene. Degenaar die wat gnizerich oer it Frysk, en hie it der oer dat ek de Fryske poëzij net divers genôch wêze soe.

Hoe lang wennet Degenaar nammers al yn Fryslân? Hy kin de taal net foar in meter útsprekke.


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.