Okkerdeis kaam City of Literature Ljouwert mei in ferhalewedstryd foar it projekt ‘Utsteld Lok’. No, dat like my yn earste ynstânsje wol wat. Fansels ek om’t jo der € 700,00 foar krije kinne. Dat kinne wy wol brûke yn dizze aparte tiden, no. Ek wol in moaie namme, Utsteld Lok.
Ik lies lykwols efkes fierder yn de regeleminten, en seach dit stean: Basearre op kwaliteit, orizjinaliteit en ferskaat wurdt in seleksje makke fan likernôch 35 ferhalen út alle ynstjoeringen. Dus de ferhalen wurde ek op ferskaat beoardiele. Diversiteit is dat yn it Hollânsk.
No freegje ik my ôf hoe’t soks yn ‘e praktyk wurkje sil. Hawwe jo mear kâns op dy € 700, 00 as jo ien út de LHBTIQ-mienskip yn jo ferhaal opfiere? Of in ‘minsk fan kleur’ as haadpersoan brûke? En is nammers kwaliteit en orzjinaliteit ek net útwikselber?
Ik moat der daliks by sizze, oars krij ik faaks blauwe drek oer my hinne: ik haw neat op LHBTQ- en kleurde minsken tsjin, faaks krekt oarsom. Mar yn ‘e goedichheid, soks kin dochs nea in literêr kriterium wêze?
Ik haw de organisaasje ek noch frege wa’t der yn ‘e sjuery sitte, mar haw gjin antwurd krige. Frijwat ûnfatsoenlik alsa. Mar it sil Ernst Bruinsma wol wer wêze… En dan witte jo it wol…
Post a Comment