Cornelis van der Wal

Oprop ta boykot Stedsdichter Ljouwert + updeet

Elkenien hat it meikrigen: de bisteftige misdieden fan Hamas yn Israel. Ut solidariteit mei Israel hat in oantal Nederlânske gemeenten de Israelyske flagge útstutsen, bygelyks de gemeente Noardeast-Fryslân. Sa net û.o. Rotterdam, mar wat foar my as ynwenner noch slimmer is: ek de gemeente Ljouwert hat besletten om dizze flagge net út te stekken. Om formele redenen: de krekt like leffe Provinsje docht it ek net. Mar Kommissaris fan de Kening Brok jout al wat hope: “Ik bin fan doel om takom jier nei Israel te gean’.  Ja, dêr sit Israel op te wachtsjen.

In moreel djiptepunt foar de Fryske en Ljouwerter polityk.

Wat kin in ienfâldich dichter as ik hjir tsjin dwaan? No, jo witte it faaks, Ljouwert siket wer in stedsdichter. Ik wie nammers net fan doel om te sollisitearjen, want jo moatte ek fan alles organisearje. En ik wol ek net as in skoaljonkje wachtsje op de útslach fan it poëzij-eksamen.

Nee, krekt oarsom: ik rop op om út protest tsjin de uterst leffe hâlding fan de Ljouwerter polityk de útferkiezing fan de Ljouwerter Stedsdichter te boykotsjen. Net sollisitearje dus. Ommers, as stedsdichter binne jo ek in soarte fan úthingboerd foar de gemeente.

In gemeente dy’t net de moed hat symboalysk te protestearjen tsjin barbaren.

UPDEET: Dit hâldt, sjoen de opstelling fan de Provinsje ek yn dat ik ek gjin Dichter fan Fryslân wurde wol.


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.