It sil grif in nijsgjirrich boek wêze dat Louw Dijkstra (Wijdemeer) gearstald hat: Rijk, maar niet in geld, vijftig jaar Friese uitgevers. Lykwols wat stiet der yn de Ljouwerter fan 20-07-2024?:
‘Het Fries beleefde dus een soort gouden eeuw, hoe lijkt dat nu?
,,Ast de situaasje ferlykest mei 1970, dan is der wol in soad feroare’’, zegt Dijkstra. ,,Ik tink dat de útjouwers noch wol de kapasiteit hawwe, de plak en de minsken, mar de merk derom hinne is wol in hiel soad feroare.’’
It Fryske kulturele kompleks, it netwurk, dêr is net folle mear fan oer. Wat destiids de Fryske Akademy en Stifting It Fryske Boek diene, sis mar in sintraal plak ynnimme, dat is no in bytsje oernaam troch Tresoar.’’
,,Der binne no noch mar ien of twa útjouwers foar Fryske literatuer oer, DeRyp en de Afûk. Utjouwerij Louise, en iksels ek, we dogge mar in part yn it Frysk. By Noordboek is dat ek sa.’
De bêste man hat blykber noch nea fan Utjouwerij Hispel heard. Soks ropt twifels op oan de saakkundigens fan dizze útjouwer.
Post a Comment