Efkes wat oan it boartsjen mei in âld laptopke. Ik hie der earst de nije FreeDos opsetten, mar dêr falt net folle mei te begjinnen earlik sein.
Op dit stuit skriuw ik dit ûnder Slacko Puppy, in Linux-fariant. It giet dat it slydjaget. Ik haw him op de hurde skiif ynstallearre. Alles wat jo mar nedich hawwe stiet der op, ek de wifi samar klear.
Op dit systeemke mei 256mb ûnthâld giet it hast like hurd as in grut Windows systeem mei 4GB. No ja, de swiere saken geane al in stikje trager.
En wês net benaud: ik bin tagelyk ek oan it skriuwen oan myn nije boek, op in oar laptopke fansels.

Post a Comment