Frysk waarm bakje

No minsken, Duo von Däniken hat hjoed wer nije opnamen makke, en ûnder oaren hawwe wy dat apparaat (sjoch juster) brûkt. Ik begjin der wat yn te kommen, it is dochs minder dreech as dat it earst like… Feit is dat jo hjirmei in drummer en bassist útsparje, dat skeelt yn de personielskosten dus. Meikoarten mear fia it iennichste folslein Frysktalige tydskrift ensafh.

Hee, ik seach en hearde ek dat se yn Ljouwert blykber gjin Frysk ferstean. Ik wit wol better! Mar it jout fansels in soad status, wannear’tjo yn it Hollânsk sprutsje.

En ik hie dit efkes by myn side op Sirkwy delsettten, mar dêr wurdt neat mei dien:

‘Ha goeie! Ik bin gjin kritikus mear fan it FD. En yn de boekelist stiet ek it boek “In het rechte spoor”. Dat boek is net troch dizze Cornelis van der Wal skreaun!

fr gr cvdw’

Hjoed haw ik in bakje iten opwaarme.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *