Smyt Windows derôf!

Ja, minsken, heech tiid om hjir wer ris wat tekst del te setten. Ik hie der efkes gjin nocht oan, want jo wurde wolris wat wurch fan dy Fryske literatuer, en dan benammen om de @#&$* (sensuer) dy’t dêr yn omrinne. Der binne aldergeloks ek útsûnderingen!

Wat ek meispile dat wie it feit dat myn desktop pc no silger wurden is. Nee, gjin literêre saken ferlern gien, dy skriuw ik op in âld leptopke. En ik bek-up it ek geregeld.  Mar ik hie aldergeloks noch wol in oare leptop om op te kompjûterjen. Lykwols, ik miste Linux Mint hiel bot, dat der moast in migraasje en folsleine opskjinning komme. Is aldergeloks in hiel ein foardere no.

Minsken, smyt dat Windows der no ris ôf! Mei Linux gjin gedoch mear mei firussen, spyware… Jo kinne it ek gewoan neist Windows ynstalearje, en dan by elke opstart kieze hokker bestjoeringssysteem jo starte wolle. En foar de trochsneed gebrûker hat Linux alles yn hûs. En it is wier ek net yngewikkeld.

Ik waarmje jûn in blik brune beanesop op.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments