Grutsk

Heden, wat binne wy grutsk net! Op ús fantastyske artysten, lykas Syb van der Ploeg en dat famke fan de televyzje, oh, ja, Iris Kroes. Dat wie grif ek wol de top fan muzikaal Fryslân dy’t foar Bea optrede mocht.

Ik skamje my lykwols  foar al dat ferskriklike gejank. It hat oars al it foardiel dat wy de Keninginne hjir foarearst net wersjogge. Of se moat eardopkes yndwaan.

Ik dreamde fannacht fan in lekkerbekje, dy stie dus op it menu niiskrekt.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *