Pytsje

Ja minsken, treurich nijs: earjuster haw ik Pytsje de kat ynsliepe litte moatten. It bist hie de lêste tiid grutte gedrachsproblemen, en wie net mear thús te hanthavenjen. Hoe it no kommen is, is net dúdlik, mar der wie gjin oare oplossing. Ik haw in soad fan it bistke hâlden, en der ek in soad oan hân.

Mei my giet it fierders goed, der is ek opluchting, want sa koe it net langer.

Ik woe jim freegje om gjin reaksjes te stjoeren. Dan krij ik it dêr fierstente drok mei. Mar alfêst betanke foar jim meilibjen.