Cornelis van der Wal

Sibearysk Mearke

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=KJ5ry8SSGYY[/youtube]

 

Cornelis van der Wal lêst foar út syn meikoarten te ferskinen dichtbondel

Sibearysk mearke

Snieswit rûn fan de rots yn in smelle stream troch de keale bosk
en de jonge foks syn sturt waard wiet doe’t er fleurich de fazant
de kiel trochbiet. Fûgelbloed yn ‘e snie rûn gear ta in rare tekening,

it like wol in magysk amulet. Letter, de foks wie fuort en de fazant
bonken en fearren, bûgden tinne beammen har ferbjustere oer
de tsjustere symboalen. De ûle, mûs en marter fûnen it ek mar nuver.

De froast dy nacht wie hurd en rûch, it bloed krige in blauwe gloede.
Skuorren, reek en in erupsje. Draaiend, piipjend ljocht dêrboppe.
Satan ûntsnapte razend yn lava, skom flokte read op syn skerpe tosken

Earder ferskynd op ensafh.nl


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.