Oer ús en sûnder ús

Sitaat, oernommen fan it webloch fan Sybren Posthumus:

‘De Twadde keamerferkiezings lizze al wer in pear dagen achter ús. De útslach is bekend. Op de webside fan it NRC is dúdlik te sjen hoe grut de ferdieldheid is.  Ast dat besjochst kinst wol konstatearje dat wy net by it VVD-stimmende westen hearre en al hielendal net by de PVV dy’t hast hiel Limburch foar him wûn hat. De PVV hat yn Fryslân sawat de leechste persintaazjes helle en it jout oan dat wy neat fan ekstreem-rjochts hawwe moatte. Mocht der no al in CDA-VVD-PVV kabinet komme dan is it dúdlik oer ús en sûnder ús. Dy 3 partijen hawwe yn Fryslân lang gjin mearderheid krigen.’

Ik foegje dêr noch oan ta: wurdt it net ris tiid om ús ôf te skieden? Ik alteast wol dêr net byhearre, dat túch.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *