Klaske yn ‘e stront

It Rely Jorritsmafûns 2010. Lês hjir fierder. Gjin gedichten honorearre. Ja, mar dat komt om’t Knilles neat ynstjoerd hat. *Kuch*.

Ja, it spyt my minsken, ik bin op it stuit tige beset mei myn nije bondel. Dus. Wa docht my wat. Ja slút de stroom mar ôf, ik haw noch in pin en in Moleskine. Wa siet dêr yn ‘e sjuery eins, fan dy Rely. Ah, ik sjoch it al: Jitske Kingma, no, dy is leaf.

Doete Venema, dy is my net bekind, mar poept grif in bytsje weak.

Ah! De heechlearde Klaske Jaspers, dy’t as adviseur fan it Letterenfûns my in pear rudige rotsinten misgunde, om’t it heechlearde wyfke myn ‘Kening Kees‘ as  ‘skotskrift’ beoardiele.  Mei ik dan, nee… lit mar. Ik woe mar sizze:  sakje jim allegear mar yn ‘e stront. Goeie reis.

Moatte dan skriuwers/dichters fan in absolút minimum libje, wylst kultuerparasiten lykas Hylke Tromp en Klaske Jaspers, dy’t sels hielendal neat kréatyfs prestearje, dat Klaske en Hylke bakken fol mei jild fertsjinje mei harren ‘literêre’ advizen? En dat Knilles alle Eury’s omdraaie moat?

Koarre.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
trackback
12 years ago

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x