Ik nim oan dat Daam de Vries hjir sels noch wol oer skriuwe sil, mar ik woe myn miening ek mar efkes nei bûten bringe.
De Fryske Akademy hat in wiidweidch artikel oer de ‘nije stavering’ op har side pleats. Hjir stiet it. Ik bin tsjin, fansels. De Akademy is foar, want se hawwe dit gedrocht sels betocht.
Ik gean fierders net op de ynhâld yn, dat lit ik oan de ‘deskundigen’ oer. Lykwols, tige beskamsum wurdt it oan de ein fan it artikel. Sjoch it plaatsje hjirûnder.
Dus dit is wittenskip yn Fryslân: teksten fan in tsjinstanner misbrûke foar eigen propaganda. Sûnder tastimming. Want wat skriuwt Daam de Vries op Facebook? ‘Hoe sit dat eins, meie wittenskippers samar sûnder myn tastimming myn teksten brûke foar eigen geriif?’
Tsjinstanners foar gek sette wolle: dat is wittenskip yn Fryslân. Dejingen dy’t hjir ferantwurdlik foar binne soene daliks dien krije moatte. Op syn minst.
Mar de tekst sil wol gau fuorthelle wurde. Jout neat hear, alles is opslein.
Je hâlde it net foar mooglik, mar dochs: yn Fryslân kin it.
Post a Comment