Jornada en rjappelpomp opdold

It is hjir hiel goed út te hâlden yn ‘e hûs, gerdinen ticht en de grutte fentilator draaiende hâlde. De temperatuer komt net heger as 26 graden. Bûten is hast net te wêzen, dat mar wat piele mei elektroanika. Ik haw myn Jornada 680 wer opdold… Ik hie him neffens my net mear brûkt sûnt de ferhuzing. Mar wat is it in prachtich apparaatsje! Sil der wer mei skriuwe, fannejûn al.

Ik koe aldergeloks ek noch de registraasjegegevens fan PocketDos werom fine. Ah… DOS, nostalgy, mefrou. In wrâld oan programma’s kin ik der no wer op draaie! It neidiel is al dat it apparaatsje in Frânsk keyboard hat. Mar ik kin der ek Frysk op skriuwe, hy wurdt net lilk.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=78GktH_4Kuw[/youtube]

Jûn rjappelpomp mei woartels en hin.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments