Frysk literêr Nijs fan 14-07-2010

De buorfrou fan berneboekeskriuwster Saapke Troelstra koe it net langer ferneare en joech it literêre frommeske in stikmannich klappen, lyk yn ‘e snút. Oanlieding wie de tastân fan Troelstra har túntsje. Frou Troelstra is benammen bekend troch har boek Elske en de kabouter (1979)

Saapke Troelstra

Saapke Troelstra

Jaap Kamstra, dichter fan de masterlike syklus ‘Syktocht fan de siel’ (1987) is foar de safolste kear yn de fout gien. Kamstra hat in alkoholprobleem, mar wol dêr neat oan dwaan om’t er oars net skriuwe kin, sa fertelde er oan ús redaksje. De dichter hat al ferskate kearen feroardiele west fanwege mishanneling en it feroarsaakjen fan oerlêst. Hy is no dwaande mei in bondel oer syn slimme jeugd.

Jaap Kamstra

Jaap Kamstra

Oant in oare kear mei wer farsk literêr Nijs!

Trackbacks & Pingbacks 1

  1. From www.ensafh.nl on 14 Jul 2010 at 17:40

    […] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *