Cornelis van der Wal

Sirkwy.nl: alle skriuwerlinks binne dea + updeet

No wit ik net hoelang it al mis is, mar ik soe, efkes tsjekke, ris sjen by in sekere Cornelis van der Wal op Sirkwy.nl. Wat bliken docht: der is hielendal gjin ynformaasje mear te finen, oer hokfoar skriuwer ek. Alle links binne dea. Faaks binne se der mei oan ‘e gong, mar dan soe it fatsoenlik wêze en set efkes in ‘steuringsberjocht’ op ‘e side. Ik hâld it yn ‘e gaten. Soe de hiele database opfretten wêze?

Ek net sûnder flaters is de side fan de DBNL oer my as skriuwer. Der misse frijwat boektitels, ik sil se efkes oanskriuwe. Al aardich is dat guon artikels, earder yn Trotwaer ferskynd, no online beskikber binne. Ik haw dêr lêstlyn tastimming foar jûn. Klik hjir en genietsje fan in doe noch jonge Knilles!

Jûn tink pasta.

Updeet: dit stiet no op ‘e side:

LÊSTE NIJS
04/05/2016 – Technyske problemen op dizze webside
Op dit momint binne der technyske problemen mei de webside sirkwy.nl. Wy sykje nei in oplossing. L


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.