Krom mûlharpke yn pantoffel

Au! Dat rint net sa noflik, mei kromme teannen yn de pantoffels. Ik haw krekt de earste 20 minuten fan it twadde diel fan de dokumintêre op de Omrop sjoen. De DOK oer Fryske Kultuer. Ik koe noch krekt de leptop yn de oare keamer helje. Ik nim in slok Bier, hoopje dat it helpt.

Doe’t niiskrekt de troch my tige wurdearre perfester Goffe Jensma op in mûlharpke begûn te spyljen waard it my tefolle. Ik kin in soad ferneare, mar der binne grinzen.

Earder wie ik taskôger fan in noch folle sjenantere fertoaning. Abe de Vries, de ierappelskriuwer, yn in soarte fan duet mei in fris jongfaam út de Wâlden. Wier, ik waard der sawat mislik fan. It earme wicht. It soe ferbean wurde moatte. Ik sil Dion Graus der op ôfstjoere.

Stiet it al online? Ik leau fan net. Oars wurkje ik dit blochke moarn efkes by. Dan soe it hjir stean moatte, neffens my. Mar ik moat jo warskôgje, it is net te hurdzjen. UPDATE: IT STIET ONLINE.

Wêr’t serieuze minsken har al foar liene wolle, allinnich mar om foar de tv te kommen.

Haw lekkel iten, lekkeldel as jim.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of