Literêre fytstocht: Elske Kampen

Ik haw de lêste wiken by moai waar de loop nei de Griene Stjer, dêr leit de dichter him del op it gers of sân en dûkt sa no en dan yn it hearlik koele wetter en fierders lêst er boeken en harket nei muzyk.

No ja, de loop: fansels fyts ik dat eintsje. Om yn kondysje te bliuwe meitsje ik de hinnereis altyd in lytse omwei fia de Canterlânsewei. Ik wit net iens oft ik dat goed skriuw, sis it mar.

Nee, gjin heechdravende opera’s of snoeihurde gitaarrock hie ik op ‘e earen, mar… Radio Tour de France. Dat sa. Ik wie krekt foarby Lekkum doe’t ik troch de fleurige Frânske muzyk hinne myn namme roppen hearde.

Dêr sieten op in bankje yn it skaad Elske Kampen, tegearre mei Aefke de Boer. Haw ik de namme goed ûnthâlden? Ik hear it wol. Aefke hie krekt Elske har nije bondel Man en mem kocht en trof Elske ûnderweis op de fyts. Hjirûnder de beide dames.

foto (92)

No, sa waard it dochs wer in literêre fytstocht. Op de weromwei kaam ik Aefke wer tsjin!

Moarn alwer in literêre fytstocht, dat stiet no al fêst: it giet rjochting it arkje fan Rink, dêr’t in Geheime Gearkomste plakfine sil.

Wy hawwe rys mei hin, paprika, sipel, sjampys en noch wat iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of