Swalk: gjin Frysk op sosjale media

Hiel aardich hear, dat Swalk. It wol it Frysk promote, Frysk op toernee, is it biedwurd:

‘In nij, rûnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald’r troch de provinsje. Fan 13 oant en mei 21 septimber is der op it theaterskip elke jûn in program mei sterk wikseljende ynhâld. Dêrmei kin it publyk op safolle mooglik ferskate plakken yn oanrekking komme mei de Fryske kultuer. Reizgest mei?’

Moat fansels altyd wêze!

Mar ús taal is blykber te min om op de sosjale media te brûken… Ik soe sizze: hâld der dan daliks mar wer mei op, as jo jo sa skamje foar it Frysk. Sjoch oars ek ris dizze prachtkollum fan Jaap Krol, yn it Deiblêd.

swalk2 swalk1

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of