Nije side Sirkwy: in resinsje

It wie my ûntkommen, der binne neffens my ek gjin (parse)berjochten nei bûten brocht, mar de nije side fan Sirkwy stiet al in deimannich online.

Litte wy net al te negatyf úteinsette: it sjocht der in stik fleuriger en oantrekliker út as de âlde, grize side.

Jo wurde oars al wat senuweftich fan dat hinne en wer fleanen fan de berjochten boppeoan. Is nearne foar nedich om dat sa te dwaan, tinkt my. Dit is ek wat apart:

‘Dizze nije w.’ stiet der dus. Kloppet net, de folsleine koptekst moat ek sûnder oanklikken te lêzen wêze.

Geunstich is al dat de side ‘feeds’ befettet. Dat skeelt my it deistige besykjen fan de side foar nijsberjochten en sa.

‘Brûkers fan sirkwy moatte der rekken mei hâlde dat it de earste tiid geregeld foarkomt dat links net doge. Dat sil yn de rin fan 2017 starichwei better wurde.’ Dizze meidieling stiet der net om ‘e nocht, en it is frijwat frustrearjend.

In flater dy’t ek diskear makke is: der is gjin ôfdieling mei links nei oare siden, net iens nei Tresoar. Op dizze wize stiet Sirkwy.frl op in eilân.

Koartsein: de side is noch yn oanbou, ik hoopje op betterskip.

Jûn bakje iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of