It is my net dúdlik wêr’t dit boek útjûn wurdt, it liket my op himsels wol nijsgjirrich, in nij oersjoch fan ‘e Fryske Literatuer. Benijd wa’t se no wer oerslaan :-).
Tresoar skriuwt:
‘ ’Salang’t de beam bloeit’: hânboek oer de Fryske literatuur.
In tagonklik, hânsum boek oer de Fryske literatuerskiednis, dat is ‘Salang’t de beam bloeit’, útjûn yn opdracht fan Tresoar, de provinsje Fryslân en de Stifting FLMD. Unmisber foar dosinten op it HBU en yn de boppebou fan it fuortset ûnderwiis, of gewoan ek tige nijsgjirrich foar op de lêstafel. Ek handich: der is in spesjale webside mei achtergrûnynformaasje en wiidweidich lesmateriaal.’
Wat der dan net bystiet is dat it boek gearstald is fan Joke Corporaal. Ik sil ris sjen oft it al yn ‘e winkel leit.
Wat my hiel bot fernuveret, dat is de titel. Dy bestiet nammentlik al. Wiene de titels op? En wat fine de neibesteanden fan Trinus Riemersma silger derfan dat de man syn titels samar stellen wurde?
Post a Comment