17 Novimber earste útstjoering Radio Corosie

Einlings wer in Frysktalich radioprogramma mei oandacht foar Fryske literatuer. Gearstald en presintearre troch Cornelis van der Wal, mei diskear as gast Albertina Soepboer, dy’t fertelt oer har nije bondel De trektocht. En noch folle mear!

Radio Corosie stjoert út fia Mercurius RTV, de earste útstjoering is op 17 Novimber tusken 14:00 en 15:00 oere. Yn Ljouwert en omkriten fia de ether te ûntfangen op 106,1 MHZ. KLik op dizze link foar in livestream fia ynternet.

http://www.mercuriusrtv.nl/index.php/radio/luisterlive
FM: 106,1 MHZ

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *