Ja jonges en famkes: ik haw him, de Dana. In hiel apart skriuw-apparaatsje. Jo kinne der ek hiel wat Palm applikaasjes opsette, mar oant no ta haw ik allinnich Astropocket en Dope Wars der opsetten. Wat seit soks oer de eigener?
It skerm is oars net al te dúdlik, mar sil ris sjen oft it ek wat skerper kin. Hotsynce fia usb giet treflik… Batterijen geane wol wiken lang mei, hy weecht net in soad… De internasjonale, of better sein Fryske tekens, lykas yn âlje en bêh binne ienfâldich te meitsjen…
Sil aansens ôfpriisd bakje iten opwaarmje
Post a Comment