De Frou sûnder Skaad

Hmm… oeral socht, mar ik kin de opname fan Richard Strauss syn prachtige opera “Die Frau ohne Schatten” net fine. Dan mar fia Soulseek, sa tocht ik en ik hie der ien fûn en delladen, mar der sit in  nuvere bromtoan oer de muzyk hinne. Soene se dat no mei sin dien hawwe? Dan mar oare opnamen binnenslûze. Nee, ik keapje fansels neat. Ik sis no wol Soulseek, mar it is eins Nicotine, mar dy makket gebrûke fan Soulseek syn database. No ja, ik kin it altyd noch fia de byb liene. Mar dat kostet in pear Euro. Dizze opera is ien fan de stikken dêr’t ik graach op skriuw. De koptelefoan op fansels. Der binne, ek sûnder dizze prachtmuzyk,  wer nije gedichten ûntstien. Tink wol dat it wat is. Al wat oars as myn foarige wurk. Moat ek fansels.

Jawis, der is ek wer in resinsje foar it Frysk Deiblêd yn oantocht. Ik tink no sneon. En oer wa en wat bondel dan wol? Sels de krante mar keapje of ôfwachtsje op de sken dy’t ik hjir delsette sil.

Mar wêr bliuwt eins dy Letterennoata fan de Provinsje? Kinne jim ek wat avensearje, politisy en ambtnerkes?

Stamppot woartels en sipels mei Schnitzel.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *