Bakje gebit + neiskrift

Justerjûn seach ik de film: What happened to Kerouac? Hiel nijsgjirrich, en moai om dy âlde Beat-dichters ris yn byld te sjen. Sawol Herbert Huncke as Gregory Corso hiene it gebit net yn, mar it bier gie der al yn, altest by Corso, Hunkey like my ek net hielendal nofteren.

En, ik lies dit stikje by de Contrabas. Ik wist der net fan, in film oer Hart Crane. Mar dy komt no ek al fia de torrents binnen, dat jûn mar wer dichterkes kieke! Bin benijd.

Waarmje bakje iten op.

Neiskrift: in hiele moaie, betiden al wat trage film, alhiel yn swart-wyt. Ynklusyf in poëzijfoardracht fan op syn minst 5 minuten. Wêr meitsje jo dat noch mei?

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *