Boekekaoss

No minsken, de Fryske literatuer is rêden fan in wisse ûndergong! It folslein mislearre projekt ‘de Nachtrider’ hat himsels transformearre yn in eh… boekedinges. Nee, Knilles begrypt it allegear net sa goed, mar hat grutte wurdearring foar dit nije inisjatyf. Dochs?

Hmm… bin neist de literatuer ek dwaande om myn Aaipodde om te bouwen ta mobile muzykstudio. Dêr binne apps genôch foar. Ik hie noch wat kabel- en stekkerboel nedich, dat wurdt moarn besoarge. De troch my alris neamde Kaossilator is ek beskikber as app. Haw him oanskaft fansels. En sa binne der wol mear prachtige applikaasjes.

Neidiel fan sa’n Aaipodde is dat wannear’t jo mei soksoarte programma’s wurkje, dat de akku al gau leech rekket. Foardiel is dat it ding ek wer hiel gau oplade wol.

Pasta mei hin en raukost.

 

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments