Koarte kursus sirkwy.nl. Dei sân fan steuring

It hat bliken dien dat net elkenien begrypt wêr’t it oer giet mei dy database fan sirkwy.nl. Ik kin my dat skoan yntinke, want de side stekt frijwat eigenaardich ynmekoar.

No sa, in lytse kursus alsa. Gean nei sirkwy.nl, ús *kuch* literatuerside. Lofts boppe stiet ‘Wa’. Dêrmei wurde de Fryske skriuwers bedoeld. Ja, jo moatte der mar opkomme, no. Dan sjogge jo: ‘Kies hjirboppe de begjinletter fan de skriuwersnamme dy’t jo sykje.’ Litte wy gewoan ris de ‘A’ ris oanklikke. Wa hawwe wy dêre? Under oaren Gerben Abma. Klik op dizze namme. Dan komt  Oer dizze skriuwer yn byld. Klikke. Klik dan op Boeken. Dan komt der dus neat. Dat is it probleem dus. En dat is safier ik it neisocht haw, by elke Fryske skriuwer sa. Dat: de Fryske skriuwers hawwe neffens Sirkwy gjin boeken skreaun. Dat is hiel djip fan Sirkwy, it is hast Zen, no.

Wy sille aanst wer op ús Haadstêd oan, en ferlitte Hylpen. Mar wy komme werom!

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *