Sirkwy: amateuristysker kin it net!

Juster krige ik in (automatisearre) mailtsje fan Teake O., ús tige *kuch* wurdearre literatuerbefoarderer:

Achte frou, hear,

Jo hawwe in account op sirkwy.nl – of alteast, jo emailadres stiet yn de list fan brûkers.
Mei dizze mail lit ik jo witte dat de sirkwy-site in nij cms (behearssysteem) krijt en dat it dan net langer mooglik is in account te hawwen.

Jo account bliuwt bestean salang’t de âlde site online is.

 Mear ynformaasje is te finen op http://www.sirkwy.nl/item/419/nieuws-detail

Mei hertlike groetnis en de bêste winsken foar 2017 !

 

Teake Oppewal

Redaksje sirkwy

Ek foar dy de bêste winsken Teake! En sterkte… No minsken, klik mar ris op de boppesteande link. Sirkwy is blykber  mei in tige ûnbetroubere partner yn see gien. Yn novimber pas berjocht krije dat jo side it oare jier net mear wurkje sil, dat liket fansels nearne nei.

It foardiel kin wêze dat Sirkwy no de mooglikheid hat en bou in wat better bylkjende side. Fuort mei al dat grys! En, please: set der in RSS-feed yn. En set der links nei oare siden yn. It hat in begjinnersflater west en dochs soks net.

Jûn rys mei wat der  by.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *