No, minsken, hjir sit de takomstige Dichter fan Fryslân tusken. Ik wurd der net fleurich fan, om it mar sêft út te drukken.
Allinnnich it fers Under de stêden hat wol wat, mar it is noch net foldroegen.
It gedicht Wâldpyk (Peter Tuinman) meie jo eins gjin poëzij neame, it is ien en al eamelderij.
En it gedicht It swijen nei Doede is in Hidde Boersma- imitaasje. Foeget neat oan Boersma syn fers ta.
Koartsein: in wanprestaasje fan de sjuery, of it moat wêze dat de oare 33 dichters noch minder binne…