Tag Archives: Dichter fan Fryslân

Sigrid Kingma: de boadskipper hat it dien!

No, sjoch ris oan: de boadskipper hat it dien. It sil ek net sa wêze. Sigrid Kingma, dy’t sels de ferkiezing fan de Dichter fan Fryslân ûnjildich makke hat, fynt it not done dat ik dêr melding fan makke haw. Ik nim, foar de feroaring, ris wat fan Abe de Vries syn Facebook oer, dan hearre […]

Nepnijs yn LC oer ferkiezing Dichter fan Fryslân

Wat skriuwt Rixt Oenema yn de Ljouwerter Krante oer de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân? Dichter Abe de Vries komt in verzet wanneer Poepjes zegt dat iedereen (dus ook eeEn hobby-poëet) een gedicht mag inzenden. Ze wil een dichter voor het volk. „Jo sneue poesyalbumdichter fan Fryslân-plannen…”, foetert hij. De Vries trekt zich meteen terug […]

Nee, de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân is net mear anonym

Krije wy ek noch in offisjele reaksje fan de organisaasje?

Sigrid Kingma hellet blog fuort

Lit ik op it foarste plak  sizze dat ik hielendal neat op Sigrid Kingma tsjin haw. Krekt oarsom. Ik bin allinnich mar de boadskipper fan it minne nijs. Kingma hat, ûnbedoeld, mei har blog eigenhannich it hiele projekt Dichter fan Fryslân opblaasd. Dêr haw ik melding fan makke. It kollektyf DichterS fan Fryslân hat -sûnder […]

Updeet Dichter fan Fryslân

Updeet Dichter fan Fryslân Yntusken is dúdlik wurden (nei har eigen oanwizingen) dat Sigrid Kingma it fers It swijen nei Doede skreaun hat, en dat it fers Under de stêden net fan Arjan Hut is. As de organisaasje de kompetysje earlik spylje wol, dan moatte de oare twa kandidaten no ek mei namme neamd wurde. Bin oars tige benijd […]

Ferkiezing Dichter fan Fryslân is net mear jildich

Sigrid Kingma hat op har blog skreaun dat se ien fan de trije nominearren is foar de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân. It gefolch is, sa’t ik it besjoch, dat de ferkiezing hjirmei ûnjildich wurden is, om’t de (ferplichte) anonimiteit fan de nominearren hjirmei ûnderút helle is. Sigrid sil it berjocht wol gau fuorthelje, mar […]

Minne kwaliteit foarseleksje Dichter fan Fryslân

No, minsken, hjir sit de takomstige Dichter fan Fryslân tusken. Ik wurd der net fleurich fan, om it mar sêft út te drukken.   Allinnnich it fers Under de stêden hat wol wat, mar it is noch net foldroegen. It gedicht Wâldpyk (Peter Tuinman) meie jo eins gjin poëzij neame, it is ien en al […]

Ferkiezing Dichter fan Fryslân wurdt taret

Understeande mail komt út in tige betroubere boarne, nammentlik fan Anne Feddema. Der binne noch trije oare dichters oanskreaun, ik neam se mar net. Feddema docht yn elts gefal net mei oan it petear. Ik persoanlik fiel my net roppen om oan de ferkiezing mei te dwaan. De Dichter fan Fryslân kriget €2500,00 jiers foar […]